Saturday, August 22, 2009

Google jo mei ôfbyldings of printsjes

Sûnt lange tiid ha ik my net mear mei it oersetten fan Google dwaande hâlden.
It frege gewoan tefolle tiid.

En ek hjoed stie it net yn myn plannen.
Mar, doe’t ik efkes om in printsje sykje woe, wie dat feroare yn ôfbylding.
Der is dus gjin printsjessiker mear, en ek al haw ik dat net betocht, en dêrmei is it eins folslein wichtiger, want de oersetter dy’t no mei dwaande is, hat Image oeral oersetten mei ôfbylding.
It is ek net sa dat de oersetting ferkeard is, want dêr is neat mis mei, mar yn Google waard dat fanôf it begjin oersetten mei Printsje, en dêr moatte jo je dan ek oan hâlde.

Sels kin ik dit net samar feroarje, dat moat de oersetter sels dwaan, wol ha ik in fersiik yntsjinne by Google mei wat der eins feroare moat wurde.
Dêr ha’k net sa’n hege pet fan, mar wa wit wolle se it no ris in kear dwaan.

Oersette is net maklik, al hielendal net as jo in stik oersette wêr in oare oersetter in grutste part al fan dien hat.
De Juste wurkwize is dan ek: Sjoch en lear hoe’t it oersetten is, en gean dan pas oan de slach.

Mei groetnis

Berend Ytsma
ps. De oersetter of oersetters meie wol efkes in berjocht oan my jaan, sadat wy sjen kinne hoe’t wy Google wêr op it juste paad krije.

Posted by berendy@gmail.com at 09:01:06 | Permalink | No Comments »

Wednesday, August 5, 2009

KDE 4.3 is út

Frysk | English

It is safier dat KDE 4.3 útbrocht is.
In protte brekkings binne reparearre en it in stabiler systeem wurden.
Persoanlik fyn ik fantatysk dat it wer beskikber is yn it Frysk.

Hjirby de felisitaasjes oan it oersetteam.

Posted by berendy@gmail.com at 20:21:24 | Permalink | No Comments »

Sunday, July 26, 2009

KDE wer yn it Frysk

Frysk | English

KDE 4.3 sil ynkoarten útkomme, en de oersetting foldie oan de easken om wer mei te kinnen dwaan.

De lêste drompel fan kdebase wie 75% en is helle
Dus KDE komt der wer yn it Frysk.

Wy sille besykje om by 4.4 ek gewoan oanwêzich te wêzen.

Groetnis Berend

Posted by berendy@gmail.com at 17:55:44 | Permalink | No Comments »

Sunday, May 31, 2009

KDE 4.3 ûnderweis?

Frysk | English

It is alwer in tiid lyn, en der bart net folle op ‘t stuit mei it Frysk en KDE.

Wat ik besykje is om dochs it Frysk mei 4.3 wer mei te litten dwaan.
Maklik wurdt dit net mar de earste oanset is wol al dien.

Undertusken wurdt der ek wurke oan in bettere staveringshifker.
Yn de earste ynstânsje soe der brûkme makke wurde fan de list fan de Fryske Akademy, mar dit kin liede ta it weromlûken fan de list foar û.o. Firefox en dat kin net de bedoeling wêze.

Groetnis Berend

Posted by berendy@gmail.com at 14:02:57 | Permalink | No Comments »

Monday, February 9, 2009

KDE 4.2 ?

Frysk | English

It is sûnt lange tiid dat der hjir wer in skriuwen ferskynt, en dat it sa lang duorre hat kin gjin goed teken wêze.
En dat is yndie sa.
It oersetten fan KDE is yn ferfal rekke, troch te min tiid, wêrtroch dat by it útkommen fan KDE 4.2 it Frysk der net ynsit.

Gelokkich bin ik wol wer oan de gong mei it oersetten en hoopje ik dat KDE yn it Frysk der wer oan komt.

Earst mar wer oant tsjen.

Groetnis

Berend

Posted by berendy@gmail.com at 17:56:58 | Permalink | No Comments »

Saturday, September 13, 2008

Werom fan…

Frysk | English

Noarwegen.

Ja ik bin werom fan fekânsje

Groetnis Berend Ytsma

Posted by berendy@gmail.com at 23:19:47 | Permalink | No Comments »

Thursday, August 14, 2008

KDE’s Plasma op windows II

Frysk | English

De lêste kear dat ik Plasma op windows ynstallearre, wie ik wat lokkich mei de ynstallaasje derfan, want letter wie it net mear te finen op de tsjinners.
Mar hjoed is it werom by de ûnstabile builds.

Dus as jo de KDE ynstallearder starte kinne jo de folgjende URL-adres ynfolje yn de URL-list
http://winkde.org/pub/kde/ports/win32/releases/unstable/latest/

Hielendal ûnderoan sile jo de nedige pakketten Workspace en Plasma fine.
Ynstallearje it en haw der wille mei.

Groetnis Berend

Posted by berendy@gmail.com at 16:14:58 | Permalink | No Comments »

Wednesday, August 13, 2008

Kwin Buroblêd effekt

Frysk|English

Hjoed haw ik in ûnstabile ferzje fan in tal KDE applikaasjes ynstallearre,
it giet hjir om ferzje 4.1.61 ek wol pre 4.2 neamd.

Oer it algemien is der op it earste gesicht net safolle feroare, mar wat daliks wol opfoel 
is in oantal nije effekten foar Kwin.
It filmke wat ik makke haw lit it Desktopcube effekt sjen wêrmei jo troch de ferskillende buroblêden rinne kinne.

alt : http://www.youtube.com/v/2X08SW8fok4

 

Groetnis  Berend Ytsma

Posted by berendy@gmail.com at 18:43:44 | Permalink | No Comments »

Thursday, August 7, 2008

KDE’s plasma op windows

Frysk | English

Yn de lêste útjefte(4.1) fan kde op windows is der gjin mooglikheid om mei Plasma te wurkjen

Mr yn de útjefte derfoar wie der wol in mooglikheid om it te ynstallearjen, okee okee it is net stabyl, mar dêr binne we net bang foar.

Dus ik haw op windows xp Plasma start en der wat widgets op setten, en wat tinke jo, ja de bol woe stuiterje.

It is net stabyl, dus kaam ik s twa problemen tsjin.
widgets koe ik net samar beskoattelje sûnder dat der in stik of wat kear ferûngelokke.
En it sluten fan plasma kin net.

As jo de mooglikheid krije om mij Plasma te boartsjen dan kin ik allinne mar oantrune om dat te dwaan :)

Groetnis

Berend Ytsma

Posted by berendy@gmail.com at 15:54:58 | Permalink | No Comments »

Friday, August 1, 2008

KDE op de Fryske wikipedia

Frysk | Engelsk

Hjoed ha ik de oersetting fan in wikipedia side foltôge en wol de side oer KDE.

It wie net maklik om de oersetteng ree te krijen wat foaral te krijen hie mei de sjabloanen
dy der net wienen.
Wat der net is moatte jo oanmeitsje en dan komt der hyltiid wol wer wat nijs op je paad.
No dat de haadside http://fy.wikipedia.org/wiki/KDE klear is kin it bouwen trochgean foar mear siden lykas foar Konqueror en Koffice.
As jo nei de side tageane sil it jo opfolle dat der noch in soad reade wurden binne, wat ienhâld dat der gjin wiki side efter sit, mar dit sil hoopje ik mei de tiid ferdwine.

Groeten

Berend

Posted by berendy@gmail.com at 19:03:37 | Permalink | No Comments »