Tuesday, July 29, 2008

KDE 4.1 útbrocht

Frysk | Engelsk

Hjoed is KDE 4.1 útbrocht foar it grutte publiek.
Yn 4.1 sit kde-pim  mei Kmail en alle oare yntergrearre spul.

It is stabiler en komt mei in ferbettere plasma fjild.
Foar de measte minsken  kin 4.1 no de âlde kde 3.x wol ferfange.

 

 

 

 

 

 

 

It nijs is nij te lêsen op http://www.kde.org/announcements/4.1/ (ingelsk)

Foar minsken dy net witte hoe se dit ynstallearje moatte ferwiis ik graach nei dizze side. wêr foar de measte distribúsjes wol in goede omskriuwing ûnderoan de side te finen.

Jo kinne my ek altyd in e-berjocht stjoere

Groetnis

Berend

Posted by berendy@gmail.com at 18:19:03 | Permalink | No Comments »

Monday, July 28, 2008

Fryske KDE4.1 fêstsetten

Frysk | Engelsk

Ik kaam yn it wiekein der efter dat de lokalisaasje fan KDE4.1 fêstsetten is en dat 4.2 beskikber kaam is.

Dit hâld yn dat ferzje 4.1 ynkoarten útkomt en dat dêr kwa oersetten net mear oan wurke wurdt.
Foar it oersetten fan KDE geane wie no fierder mei 4.2 .

Om noch wat eksakter te wêzen sil der no earst wurke wurde oan kdebase, kdelibs en qt wêr de doelstelling leit om dizzen folslein op 100% te krijen.

Omdat sawol 4.1 as 4.2 oan de minimum easken foldogge kin der ek wat mear tiid besteed wurde oan kontrôle, wat ek wol in goede saak is.

Lokkich is der ek yn july noch noch kontrôle útfierd op 4.1 sadat hjir noch in grut tal flaters út helle is.

 

Groetnis Berend

 

oanfolling:it kin wêze dat as de tiid tusken it útkommen fan 4.1 en 4.2 te grut fûn wurd dat der earst dochs noch oan 4.1 wurke wurdt, dit omdat dy ferzje brûkt wurdt. Eins moat 4.1 en 4.2 njonken elkoar trochwurke wurde sadat der by it útkommen fan 4.2 gjin grutte achterstân úntstiet tusken dy twa.

 

Posted by berendy@gmail.com at 16:08:26 | Permalink | No Comments »

Wednesday, July 16, 2008

Frisian KDE4 stats

Frisian|English

 

No dat KDE 4.1 yn oantocht is, en dy kin ein fan de moanne der al wêze.
Is it wichtich om it Frysk dêrfoar ree te hawwen. 
It folgjend adres is in goede graadmeter http://l10n.kde.org/stats/gui/trunk-kde4/essential/ 

ek haw ik in printsje der fan makke en hjir delsetten.

Lykas jo sjen kinne foldocht it Frysk op it stuit oan de minimale easken, en gean ik der ek fan út dat it Frysk gewoan meidocht mei de grutte talen. 
Hjirûnder stean de statestiken fan 14-07-2008.

 
En as jo, je ôffreegje wêr op it stuit oan wurke wurdt dan is dat kdebase, kdelibs. 
Dit binne de wichtigste, dy eins boppe de 95% stean moatte foardat der wurke wurdt oan wat oars.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Greetings Berend Ytsma

 

Posted by berendy@gmail.com at 08:53:09 | Permalink | No Comments »