Monday, July 28, 2008

Fryske KDE4.1 fêstsetten

Frysk | Engelsk

Ik kaam yn it wiekein der efter dat de lokalisaasje fan KDE4.1 fêstsetten is en dat 4.2 beskikber kaam is.

Dit hâld yn dat ferzje 4.1 ynkoarten útkomt en dat dêr kwa oersetten net mear oan wurke wurdt.
Foar it oersetten fan KDE geane wie no fierder mei 4.2 .

Om noch wat eksakter te wêzen sil der no earst wurke wurde oan kdebase, kdelibs en qt wêr de doelstelling leit om dizzen folslein op 100% te krijen.

Omdat sawol 4.1 as 4.2 oan de minimum easken foldogge kin der ek wat mear tiid besteed wurde oan kontrôle, wat ek wol in goede saak is.

Lokkich is der ek yn july noch noch kontrôle útfierd op 4.1 sadat hjir noch in grut tal flaters út helle is.

 

Groetnis Berend

 

oanfolling:it kin wêze dat as de tiid tusken it útkommen fan 4.1 en 4.2 te grut fûn wurd dat der earst dochs noch oan 4.1 wurke wurdt, dit omdat dy ferzje brûkt wurdt. Eins moat 4.1 en 4.2 njonken elkoar trochwurke wurde sadat der by it útkommen fan 4.2 gjin grutte achterstân úntstiet tusken dy twa.

 

Posted by berendy@gmail.com at 16:08:26 | Permalink | No Comments »